Sealterfryske moppen
Update By: Henk
Date: mei 14, 2022
Foar de Oldenburgische Landschaft haw ik in fideo makke mei wat Sealterfryske moppen:
Grutter as/dan ik/my
Update By: Henk
Date: mei 4, 2022
It ûnderwerp ‘bynwurden fan ferliking’ komt yn sawol it Nederlânsk as it Frysk geregeldwei op it aljemint. Der binne twa fragen oan ferbûn dy’t gauris ta diskusje liede: krijt men nei in meartrime ‘a(l)s’ of ‘dan’, en: krijt men de subjektfoarm of de objektfoarm fan it persoanlik foarnamwurd.
Ik ha der nei oanlieding fan in stik fan Ed Knotter in snipel oer skreaun. Earder hie ik it ûnderwerp foar it Nederlânsk ek alris by de kop. Marc van Oostendorp hat dêr doe in stikje oer skreaun. Foar it Frysk Deiblêd haw ik der lang lyn ek in snipeltsje oer skreaun.
[Klik hjir om myn snipel op itnijs.frl te lêzen.]
[Klik hjir foar Marc van Oostendorp syn stik op neerlandistiek.nl.]
Fjouwer oersettingen fan Poe
Update By: Henk
Date: april 28, 2022
In skoft lyn haw ik fjouwer ferhalen fan Edgar Allan Poe oerset en foarlêzen. (Sjoch hjir.)
De ferhalen steane no ek yn tekstfoarm op dizze website. Jo fine se hjir:
Ekskurzje mei studinten Frysk nei it Sealterlân
Update By: Henk
Date: maart 8, 2022
Hjoed ha wy mei dosinten en studinten Frysk fan NHL Stenden in ekskurzje makke nei it Sealterlân. Dêr ha wy de twatalige natoerkuierrûte yn Sedelsbierich folge, Sealterfryske les folge, praat mei Sealterfriezen, selsmakke Sealterfryske fûgelposters oan de skoallemienskip yn Roomelse oanbean en it feanlânskip besjoen. Hjirûnder in pear foto’s fan de dei.
![]() |
![]() |
![]() |
![]() |
Artikel: Sealterlân krewearret foar syn Fryske taal
Update By: Henk
Date: januari 6, 2022
Yn it earste nûmer fan Historisch tijdschrift Fryslân fan 2022 (jrg. 28 nr. 1) stiet in stik fan my oer it Sealterfrysk. It hat de titel Easterlauwersk Frysk: Sealterlân krewearret foar syn Fryske taal. It nûmer komt yn jannewaris út.