De Moanne

Wol in bytsje swier, net in bytsje swanger

Update By: Henk
Date: juli 8, 2019

As jo it wurd ‘swanger’ brûke dat hjoed de dei wol brûkt wurdt, dan is dat fansels net oars as it Nederlânske wurd dat der model foar stien hat. Mar it Frysk hat fanâlds in oar wurd: ‘swier’. Hoe sit it dêrmei?

[Hjir fierder lêze op de website fan De Moanne.]

Taalsnipel oer it wurd ‘besibbens’

Update By: Henk
Date: juni 12, 2019

Yn in taalsnipel op de site fan De Moanne haw ik it oer it wurd ‘besibbens’. Dat komt noch net sa lang . yn it Frysk foar en hoewol’t it yn it wurdboek stiet as oersetting fan ‘verwantschap’, hat it noait botte populêr west. Hoe komt dat?

[Klik hjir om it stik te lêzen.]

Hokker taalfoarskriften binne sa stadichoan achterhelle?

Update By: Henk
Date: juni 3, 2019

Ik haw in lyts ûndersykje útfierd nei de akseptaasje fan beskate taalfoarskriften en taalfoarmen. Dat is útfierd ûnder 55 minsken dy’t mear as gemiddeld betûft binne yn it brûken fan it Frysk. Op basis fan har oardiel haw ik de regels en taalfoarmen ûnderbrocht yn trije kategoryen: echte flaters, ûniensichheid en achterhelle regels.

[Klik hjir om it stik te lêzen op de site fan De Moanne.]

Taalsnipel oer it wurd ‘gebeure’

Update By: Henk
Date: mei 6, 2019

Yn de Fryske sprektaal is ‘gebeure’ in heel gewoan wurd, mar yn de skriuwtaal wurdt it mijd, mei’t it in hollandisme wêze soe. Yn in taalsnipel op de website fan De Moanne besprek ik oft dat wol echt sa is.

[Klik hjir om it stik te lêzen.]

Taalsnipel: wat foar taal prate se no?

Update By: Henk
Date: december 28, 2018

Troch ûnbewuste ûnderstellingen is it soms dreech om te rieden hokker taal oft minsken prate. Dêr kaam ik fan ’t simmer in kear achter. Foar De Moanne haw ik der in taalsnipel oer skreaun.

[Klik hjir om it stik te lêzen.]

Heel erg vorige eeuw

Update By: Henk
Date: mei 22, 2017

Allerlei woorden en zelfs woordgroepen kunnen tegenwoordig door een deel van de Nederlandstaligen als bijvoeglijk naamwoord worden gebruikt. Ze zeggen dan bijvoorbeeld dat iets ‘heel erg vorig eeuw’ is. In de taalcolumn van mei beschrijf ik dat fenomeen.

[Klik hier om de column te lezen.]

De lêste koboldjager fan ‘e Wâlden

Update By: Henk
Date: maart 31, 2017

Under it Provinsjehûs yn Ljouwert hat tsientallen jierren in romte sitten dêr’t mar in pear minsken fan wisten. Wat dêr bewarre waard, wie in grut geheim. In nije komsaris fan ‘e kening woe lykwols net mear meidwaan oan dy geheimsinnichdoggerij. Oft dat ferstannich wie? Ik skriuw deroer yn it koarte ferhaal De lêste koboldjager fan ‘e Wâlden. Dat stiet yn nûmer 2 fan it tydskrift De Moanne. It is fan hjoed ôf te keap.