Uncategorized

Twee grammaticakwissen

Update By: Henk
Date: juni 16, 2022

De volgende twee grammaticakwissen heb ik gemaakt voor leraren Nederlands, maar er zijn ongetwijfeld ook anderen die er plezier aan beleven:

kwis 1

kwis 2

Grutter as/dan ik/my

Update By: Henk
Date: mei 4, 2022

It ûnderwerp ‘bynwurden fan ferliking’ komt yn sawol it Nederlânsk as it Frysk geregeldwei op it aljemint. Der binne twa fragen oan ferbûn dy’t gauris ta diskusje liede: krijt men nei in meartrime ‘a(l)s’ of ‘dan’, en: krijt men de subjektfoarm of de objektfoarm fan it persoanlik foarnamwurd.

Ik ha der nei oanlieding fan in stik fan Ed Knotter in snipel oer skreaun. Earder hie ik it ûnderwerp foar it Nederlânsk ek alris by de kop. Marc van Oostendorp hat dêr doe in stikje oer skreaun. Foar it Frysk Deiblêd haw ik der lang lyn ek in snipeltsje oer skreaun.

[Klik hjir om myn snipel op itnijs.frl te lêzen.]

[Klik hjir foar Marc van Oostendorp syn stik op neerlandistiek.nl.]

[Klik hjir foar myn snipel út it FD, hy stiet op side 40.]

Oersettingen fan Edgar Allan Poe

Update By: Henk
Date: februari 4, 2022

It oangesicht fan ‘e reade dea: download as mp3: klik

It X’enearre stik: download as mp3: klik

Meisleept yn de Maelström: download as mp3: klik

Grymgnyskje: download as mp3: klik

Artikel: Sealterlân krewearret foar syn Fryske taal

Update By: Henk
Date: januari 6, 2022

Yn it earste nûmer fan Historisch tijdschrift Fryslân fan 2022 (jrg. 28 nr. 1) stiet in stik fan my oer it Sealterfrysk. It hat de titel Easterlauwersk Frysk: Sealterlân krewearret foar syn Fryske taal. It nûmer komt yn jannewaris út.

[Sjoch hjir foar mear ynformaasje.]

Taalsnipels: Mofke en bôlebak

Update By: Henk
Date: december 9, 2021

Yn de rige oer wurden dy’t ûntbrekke yn de wurdboeken haw ik foar de Frysktalige nijswebsite itnijs.frl stikken skreaun oer de wurden mofke en bôlebak. Se binne te lêzen fia de ûndersteande links:

[mofke]

[bôlebak]

Taalsnipel: Himmelderitis

Update By: Henk
Date: december 3, 2021

“As de maityd yn it lân komt, komt it guon samar oan: himmelderitis. Lykas artrititisrachitis en tonsilitis heart it op in sykte. Al dy oare -itissen binne lykwols ûnstekkingen, wylst himmelderitis it ûnbedimbere ferlit is om te húshimmeljen. […]”

[Troch hjir te klikken kinne jo de folsleine snipel lêze op itnijs.frl.]