Under it Provinsjehûs yn Ljouwert hat tsientallen jierren in romte sitten dêr’t mar in pear minsken fan wisten. Wat dêr bewarre waard, wie in grut geheim. In nije komsaris fan ‘e kening woe lykwols net mear meidwaan oan dy geheimsinnichdoggerij. Oft dat ferstannich wie? Ik skriuw deroer yn it koarte ferhaal De lêste koboldjager fan ‘e Wâlden. Dat stiet yn nûmer 2 fan it tydskrift De Moanne. It is fan hjoed ôf te keap.

Posted in: De Moanne.
Last Modified: mei 4, 2017