Ik haw in lyts ûndersykje útfierd nei de akseptaasje fan beskate taalfoarskriften en taalfoarmen. Dat is útfierd ûnder 55 minsken dy’t mear as gemiddeld betûft binne yn it brûken fan it Frysk. Op basis fan har oardiel haw ik de regels en taalfoarmen ûnderbrocht yn trije kategoryen: echte flaters, ûniensichheid en achterhelle regels.