De wurdboeken jouwe gjin Sealterfrysk wurd foar it readboarstje, Sealterfriezen witte it net en in oprop op ynternet smiet allinne in protte befêstigingen fan ûnbekendheid mei it wurd op. In literatuersyktocht en it trochsneupen fan âlde Sealterske bânopnamen joech ek gjin antwurd op de fraach hoe’t it fûgeltsje yn it Frysk fan it Sealterlân neamd wurdt. In mystearje! Yn dizze taalsnipel op de site fan De Moanne gean ik dêrop yn.