Results

Knap dien! Jo binne goed op ‘e hichte mei de Fryske kultuer. Jo koenen wol in Fries wêze!

Slecht nieuws: uw inburgering is nog niet voltooid.

Doorgaan

#1. Hokker getal heart by dit plaatsje?

Ien fan de bekendste Fryske popferskes is Knoopkes fan Piter Wilkens. Yn it refrein komt de rigel ‘fjirtjin knoopkes, lyts en blau’ foar.

Sjoch:
https://www.youtube.com/watch?v=Wj6m8E1yHqw

Doorgaan

#2. Wêr reitsje Friezen mei Frysk en Hollânsk yn 'e war?

It bistje dat yn it Nederlânsk in ‘vlieg’ hyt, hyt yn it Frysk in ‘mich’. De Nederlânske ‘mug’ is yn it Frysk in ‘neefke’ of in ‘langpoat’. Dat giet fansels noch wolris ferkeard.

Doorgaan

#3. Wêr sizze se 'saterje'?

It Frysk fan de provinsje Fryslân wurdt faak yn fjouwer grutte dialekten opdield, dy’t allegear har eigenaardichheden hawwe. Ien fan ‘e bekendesten is dat se yn de Wâlden net ‘sneon’ sizze, mar ‘saterje’ (of ‘saterdy’).

Doorgaan

#4. Ien is mei de holle op 'e rin. Wêr moat er hinne?

Yn Frjentsjer hat lang in psychiatryske klinyk sitten, Grut Lankum. De stêd stie dêr yn de hele provinsje om bekend. As ien net helendal goed yn ‘e holle wie, moast er nei Frjentsjer. Soms waard der ek noch by sein dat dat ‘mei wite hynders’ moast.

Doorgaan

#5. Wat binne de reade dinkjes yn de Fryske flage?

Doorgaan

#6. Wa is dit?

Us mem is it bekendste stânbyld fan Fryslân. It is makke troch G.J. Adema en stiet yn Ljouwert oan ‘e Harnzerstrjitwei.

Doorgaan

#7. Wat is de offisjele namme fan Radio Fryslân?

Doorgaan

#8. Ik wol nei Skylge. Wêr moat ik dan op 'e boat?

Yn Harns kin men op ‘e boat nei Flylân en Skylge ta stappe. It Amelân is te berikken fan de pier by Holwert en op Skier komme jo út Lauwerseach wei.

Doorgaan

#9. Wa sjogge wy hjir?

Friezen binne ek diel fan de gruttere Nederlânske kultuer. Elk dy’t yn Fryslân opgroeid is, sil Jip en Janneke kenne, de bern út de ferhalen fan Annie M.G. Schmidt, tekene troch Fiep Westendorp.

Doorgaan

#10. Wat is dit?

Ljipaaisykje is sûnt jier en dei in populêre tiidkoarting yn Fryslân. De ljip is ien fan ‘e meast symboalyske bisten fan Fryslân.

Doorgaan

#11. Wa is dit?

Kommissaris fan de Kening Arno Brok is in bekende Fries.

Doorgaan

#12. Hoe begjint de Fryske ferzje fan 'Zie de maan schijnt door de bomen'?

De tekst fan ‘Sinteklaas rydt op syn hynder’ is hjir te finen:
https://heitenmem.nl/wp-content/uploads/2015/11/sinteklaas-ferskes-1.pdf

Doorgaan

#13. Wat is dit?

Ien fan de bekendste gebouwen fan Fryslân is de Aldehou, de skeane toer midden yn Ljouwert. Hy soe oarspronklik in stik heger wurde, mar om’t er sa bot fersakke, waard it risiko dat er omfalle soe te grut. Yn 1533 waard de bou dêrom nei fjouwer jier stillein.

Douwe Tamminga hat in boek skreaun oer de mislearre toerbou. It hyt ‘De boumaster fan de Aldehou’.

Doorgaan

#14. Eartiids gongen wy nei de disko. Wêr gongen wy hinne?

Berltsum wie yn Fryslân lang bekend as it útgeansdoarp by útstek, benammen foar de plattelânsjeugd.

Doorgaan

#15. Hoe sprekst 'Leeuwarden' út?

Fansels is de Fryske namme fan de Fryske haadstêd ‘Ljouwert’, mar dat wol net sizze dat jo samar elke útspraak fan de Nederlânske namme brûke kinne. Wa’t lykas Loekie van Maaren-van Balen (boargemaster fan Ljouwert fan 1999-2001) de klam op ‘WAR’ leit, wurdt net mear serieus naam yn Fryslân. De útspraak is ‘LEE-war-den’.

Afsluiten