Hjoed ha wy mei dosinten en studinten Frysk fan NHL Stenden in ekskurzje makke nei it Sealterlân. Dêr ha wy de twatalige natoerkuierrûte yn Sedelsbierich folge, Sealterfryske les folge, praat mei Sealterfriezen, selsmakke Sealterfryske fûgelposters oan de skoallemienskip yn Roomelse oanbean en it feanlânskip besjoen. Hjirûnder in pear foto’s fan de dei.