Op 24 juny organisearje de Fryske Akademy, it Seeltersk-Kontoor en it Seelter Buund yn Roomelse de “Dai fon do Seelter”, in populêr-wittenskiplik kongres oer taal en skiednis fan it Sealterlân. Veronika Pugge en ik hâlde tegearre in praatsje oer it opsetten fan Sealterfryske kursussen en it fêststellen fan de nivo’s fan de kursisten. Wy geane dêrby yn op de problemen dy’t der binne by it ynpassen fan minderheidstalen yn it Europeesk Referinsjeramt. Dat is de Europeeske seispuntsskaal om taalfeardigens op oan te jaan. It Referinsjeramt is lykwols makke foar grutte kultuertalen en it nivo fan lytse talen is der net altyd sûnder problemen mei fêst te stellen.
[Klik hjir foar it program fan it kongres.]
Myn omparter en in kwiske dat ik ôfnaam ha, binne op de side [Downloads] te finen.