Yn april 2023 is de Toal-Normierengs-Truppe, yn it koart TNT, oprjochte. Dat is in groepke minsken dat wurden út it Dútsk yn it Sealterfrysk makket. Dat wurdt yn it foarste plak dien om de skoallen yn it Sealterlân te skewielen, want in protte wurden steane net yn de besteande wurdboeken. De list kin ek brûkber wêze foar minsken dy’t teksten yn it Sealterfrysk skriuwe wolle of dy’t oersettingen yn dy taal meitsje. De list befettet útsoarte in protte neologismen. Dat kinne lienoersettingen út it Westerlauwersk Frysk, Noardfrysk, Nederlânsk, Dútsk of Nedersaksysk wêze (bygelyks Krulzeloat nei it foarbyld fan it Nederlânske krulsla, en Kniphoolder foar ponghâlder nei Platdútsk foarbyld), mar ek folsleine nijfoarmingen (lykas Flaaskplume foar auberzjine). Der steane ek ferâldere wurden by dy’t in (justjes) nije betsjutting krigen ha (sa as Breekjäild foar skeafergoeding, en Oachtje für Mirabelle). Troch oaren foarme of út it ferline opdolde wurden komme ek yn de list (foarbylden binne Sküüldouk foar mûlekapke, en Meenteboas foar boargemaster).

Wurdsjebakkerij is net altyd maklik en net ien wit oft in nij wurd it oprêdt. Neffens it aard fan it wurk docht men hast altyd wat dat de taal en de sprekkers tydlik faninoar ferfrjemdet. It kin ek goed wêze dat der in neologisme foarme wurdt, wylst der doch noch in gaadliker wurd yn ‘e taalmienskip yn gebrûk is. Krityk is dêrom altyd mooglik en de list sil net inkeld útwreide, mar ek geregeld oanpast wurde.

Ut praktyske reden wurdt de list stavere neffens de regels dy’t de fjouwer legere skoallen yn it Sealterlân yn har learboeken oan de bern bybringe. Dy wykt op in pear punten ôf fan de stavering fan de besteande wurdboeken. Dat hat fansels ek neidielen, mar de skoallen ha dêrom frege, dat sa komt it.

De TNT bestiet op it stuit út Johanna Evers, Ingeborg Remmers, Veronika Pugge en Henk Wolf. Fierder binne der in pear adviseurs dy’t frege wurde as de kommisje der sels net út komt.

[De list is hjir te finen.]

Posted in: Saterland.
Last Modified: april 5, 2023