Krityk op Frisian News en oare produkten fan Auke de Haan
Update By: Henk Date: augustus 21, 2026
Hjoed ferskynde yn de Facebookgroep Fryslân en de Fryske taal in oankundiging fan de website “Frisian News” fan in Auke de Haan. Dy man hat al in jier as wat in hanneltsje yn boeken oer it Frysk en oare talen. Se wurde op in pear plakken op it net ferkocht, yn alle gefallen foar in part anonym (al is de namme fan De Haan as skriuwer fia de ferkeapsite te achterheljen). Wat ik derfan sjoen ha, is sa min dat ik it as oplichting beskôgje dat er der jild foar freget. Syn skriuwerij rûkt oan alle kanten nei AI en de AI-scanner befêstiget dy yndruk. De nij oankundige website hat itselde: min rinnende sinnen yn nuver Frysk, en ynformaasje dy’t oerdúdlik net wier is. As it AI is en dat stiet der net by, dan is dat in oertrêding fan de AI-feroardering.
Der binne goedwollende amateurs genôch dy’t fan tiid ta tiid wat oer it Frysk it net op slingerje, soms goed, soms ferkeard, mar oer it algemien
De Amerikaanske skriuwer Edgar Allan Poe is mar fjirtich jier âld wurden en hy is al hast 180 jier wei, mar hy is noch heeltyd ien fan de ferneamdste auteurs fan ‘e wrâld. Syn ferhalen en gedichten binne yn tsientallen talen oerset. It Frysk is ien fan dy talen, mar oant no ta wienen Fryske oersettingen beheind ta losse ferhalen en bydragen oan tydskriften. In Frysktalich boek mei in romme karlêzing út Poe syn wurk wie der foar it ferskinen fan de bondel Post Mortem noch net.
De bondel is in ynterfrysk gearwurkingsprojekt, mei ferhalen en gedichten fan Poe yn fjouwer soarten Frysk: it Standertfrysk fan de provinsje Fryslân, it dialekt fan it stedsje Hylpen, it Frysk fan it Dútske Sealterlân (krekt oer de Nederlânsk-Dútske grins) en it Noardfrysk (súdlik fan de Dútsk-Deenske grins). De oersettingen binne makke troch Anne Tjerk Popkema, Henk Wolf, Herman Peenstra, Liuwe Westra, de Noardfries Erk Petersen en de Sealterfriezinnen Margot Tameling en Veronika Pugge.
Yn 180 siden kin men lêze oer ynmitsele liken, in slim mishipte oarlochsfeteraan, in hypnotisearre deade en in soad oare grizelige ûnderwerpen. It boek befettet ek it earste detective-ferhaal út de moderne literatuer, mei as held de Frânske speurder Auguste Dupin, dy’t letter de ynspiraasje foarmje soe foar Sherlock Holmes. Fierder lit Post Mortem sjen dat Poe ek as humorist in goede pinne hie. It boek slút ôf mei in skôging oer Edgar Allan Poe yn de Fryske literatuer.
Henk Wolf is as oersetter tige wiis mei de ynterfryske útjefte. “Sa kin elkenien de bridte fan de Fryske taalfamylje sjen en ûntdekke dat de Fryske talen wol ferskillend binne, mar dat men der doch in soad fan neikomme kin.” Foar Anne Tjerk Popkema is Post Mortem net it earste Poe-projekt. Hy hat yn 2014 foar Utjouwerij Regaad in Fryske literêre horrortoer organisearre, dêr’t Poe in grutte rol yn spile. Hy seit oer de nije útjefte: “Edgar Allan Poe is de absolute master fan it spûkferhaal. Dizze Fryske bondel bringt Poe noch tichterby … en tichterby … oantst dy ôffregest oftst wol wier allinne bist.”
It boek wurdt op ‘e merk brocht troch it Seelter Buund, in lytse Dútske útjouwer fan boeken yn en oer de Sealterfryske taal.
Bibliografyske ynformaasje: Edgar Allan Poe, Post mortem. Skäddel/Scharrel: Seelter Buund, 2026. 180 siden. ISBN 978-3-086474-2. Priis: 15,00 Euro.
Neerlandistiek offline
Update By: Henk Date: mei 11, 2026
Door een cyberaanval op het INT liggen veel taalsites sinds 5 mei plat. De site Neerlandistiek (waar ik in de redactieraad zit) wijkt met nieuws tijdelijk uit naar dit adres:
Elkenien kin it turfskip fan Breda, mar in ferlykbere fyt is ris úthelle mei in bierskip yn Sleat. It is it ûnderwerp fan in nij stripboek fan Mudhoen. Ik ha de Fryske oersetting makke.
Wêr stiet de te-ynfinityf yn it Frysk?
Update By: Henk Date: maart 30, 2026
Learders, begjinnende skriuwers en lesjouwers wrakselje gauris mei fragen lykas: wat heart no better, “… dat er te iten bliuwt” of “… dat er bliuwt te iten”. De fakliteratuer wit ik ek net sa rjocht en de gebrûksgrammatika’s en learboeken bliuwe faach. Almeast stiet dêr sokssawat as “te-ynfinitiven steane meastal achteroan”, mar wannear dan nét, dat stiet der dan net by.
Reitze Jonkman ek ik ha it útsocht. Wy ha allegear soarten te-ynfinitiven foarlein oan Fryskpraters tusken de 55 en 95 jier âld en boppedat Waling Dykstra derby hân. Dêr kinne wy út ôfnimme dat de te-ynfinityf troch de tiid hinne nei links ta ferskoot. Us ferklearring is dat de te-ynfinityf in gewoan tiidwurd wurdt, dat de gewoane Fryske tiidwurdfolchoarder oanhâldt. Stiet in te-ynfinityf al rjochtsbûten, dan is der wat bysûnders te rêden. Dat is krekt it omkearde fan wat ús foargongers tochten.
In wiidweidich ferslach fan ús ûndersyk is te finen yn nûmer 2025-2 fan it faktydskrift Us Wurk. Dat stiet no online.
Ik ha op ‘e nij in ferhaal fan Edgar Allan Poe ferfryske. Poe neamde it Hop-frog en ik ha dêr Hinkelepink fan makke. It giet fansels wer mâl. Hjirûnder binne alle Fryske oersettingen fan Poe te beharkjen.
Boek fan Ihno Dragt yn it Sealterfrysk
Update By: Henk Date: januari 14, 2026
Yn 2023 is it boekje Hantrekkens foar Grut Maleur mei it elektrys fan Ihno Dragt útkaam by útjouwerij Walraven de Granje. Henk Wolf hat de Fryske oersetting makke. By de Heimatverein Seelter Buund is no in oersetting fan itselde boek yn it Sealterfrysk ferskynd, makke troch Henk Wolf en Veronika Pugge. De boeken binne yllustrearre troch Richard Bos.