Is it Fryske -st in foarnamwurd? In reaksje op Astrid van Alem
Update By: Henk
Date: maart 25, 2024
Okkerdeis fette Marc van Oostendorp op Neerlandistiek in nijsgjirrich stik fan Astrid van Alem gear. Dêr nimt se de tried yn op fan in lang rinnende diskusje oer bynwurdbûging yn it Frysk. Wat ding oft it ûnderstreke stobbeleintsje -st yn bygelyks … datst der moarn by bist is, dat witte wy nammentlik noch altyd net krekt. Dat jildt ek foar de wat gruttere stobbeltsjes -ste en -sto.
In klitysk foarnamwurd?
Astrid van Alem wol derop ta dat de Fryske bynwurdútgong in klitysk foarnamwurd is fan in type dat foar in φP (rûchwei: in abstrakte haadwurdgroep mei bûgingsskaaimerken) yn it plak stiet. Bynwurdbûging yn it Limburchsk, sa wol se ha, is ek in klitysk foarnamwurd, mar dan fan in skift dat in NP (rûchwei: in abstrakte haadwurdgroep sûnder bûgingsskaaimerken) ferfangt. Dat ferskil tusken beide talen ferklearret dat bynwurd en foarnamwurd yn it Frysk altyd lyk achterinoar oan komme, wylst der yn it Limburchsk wat tusken stean kin – dêr’t it stobbeleintsje dan oan fêst klibbet. Dat sjocht der dan sa út:
- … datst ek do de wedstryd winne silst. [wankantich]
- … dat auchst dich de westrijd geis winne. [poerbêst]
Al hoe fernimstich oft dat ferhaal is, ik ha de yndruk dat it boud is op in ûnterjochte oanname. Dat sit sjesa: frou Van Alem bringt fiif arguminten by foar har idee as soe it Fryske -st in foarnamwurd wêze ynstee fan in bûgingsútgong. As men sjocht nei de taalfeiten dy’t se dêrfoar op it aljemint bringt, dan binne dat net sokke gekke arguminten, mar sjocht men justjes djipper yn ‘e marse fan it Frysk, dan freegje ik my ôf oft der noch wol ien fan op fuotten bliuwt.