Op de trep fan it gerjochtsgebou siet in geastlike út te rêsten. Hy mocht net mear besnije en fertsjinne no by as strjitkapper. Hy krige in soad klanten en wie dêrtroch tige wurch. Doe’t der in bus stilhold, seach er de kreas klaaide útstapper. Hy joech him oerein en syn wurgens bleau op ‘e trede achter. Fluch makke de geastlike dat er ûnder by de bushalte kaam. Dêr tikke er de kreaze ferskining op it skouder.
“Jo binne doch in foarhûd!” sei er.

It boppesteande fragmint komt út it koarte ferhaal ‘De keazen hear fan Doutzen Kroes’. It is yn 2013 ferskynd op Fers2 en stiet no ek op myn eigen website. [Hjir is it te lêzen.]