Fan septimber ôf haw ik foar de Fryske Internetkrante It Nijs alle fjirtjin dagen in wurd besprutsen dat noch net útstoarn is, dat foar mysels ek noch frij gewoan is, mar dat stadichoan út de omgongstaal liket te ferdwinen. ‘Prûmkewurden’ haw ik sokke wurden neamd. Hjoed is de lêste ôflevering fan de searje ferskynd. Dy gong oer it wurd ‘glêzen’.

De stikken binne hjir te finen:
gagel
snies
alte-alte
âlde pake en âlde beppe
stoer en dûbeltsje
krús
romer en fûgeltsje
nôch
glêzen