
De Amerikaanske skriuwer Edgar Allan Poe is mar fjirtich jier âld wurden en hy is al hast 180 jier wei, mar hy is noch heeltyd ien fan de ferneamdste auteurs fan ‘e wrâld. Syn ferhalen en gedichten binne yn tsientallen talen oerset. It Frysk is ien fan dy talen, mar oant no ta wienen Fryske oersettingen beheind ta losse ferhalen en bydragen oan tydskriften. In Frysktalich boek mei in romme karlêzing út Poe syn wurk wie der foar it ferskinen fan de bondel Post Mortem noch net.
De bondel is in ynterfrysk gearwurkingsprojekt, mei ferhalen en gedichten fan Poe yn fjouwer soarten Frysk: it Standertfrysk fan de provinsje Fryslân, it dialekt fan it stedsje Hylpen, it Frysk fan it Dútske Sealterlân (krekt oer de Nederlânsk-Dútske grins) en it Noardfrysk (súdlik fan de Dútsk-Deenske grins). De oersettingen binne makke troch Anne Tjerk Popkema, Henk Wolf, Herman Peenstra, Liuwe Westra, de Noardfries Erk Petersen en de Sealterfriezinnen Margot Tameling en Veronika Pugge.
Yn 180 siden kin men lêze oer ynmitsele liken, in slim mishipte oarlochsfeteraan, in hypnotisearre deade en in soad oare grizelige ûnderwerpen. It boek befettet ek it earste detective-ferhaal út de moderne literatuer, mei as held de Frânske speurder Auguste Dupin, dy’t letter de ynspiraasje foarmje soe foar Sherlock Holmes. Fierder lit Post Mortem sjen dat Poe ek as humorist in goede pinne hie. It boek slút ôf mei in skôging oer Edgar Allan Poe yn de Fryske literatuer.
Henk Wolf is as oersetter tige wiis mei de ynterfryske útjefte. “Sa kin elkenien de bridte fan de Fryske taalfamylje sjen en ûntdekke dat de Fryske talen wol ferskillend binne, mar dat men der doch in soad fan neikomme kin.” Foar Anne Tjerk Popkema is Post Mortem net it earste Poe-projekt. Hy hat yn 2014 foar Utjouwerij Regaad in Fryske literêre horrortoer organisearre, dêr’t Poe in grutte rol yn spile. Hy seit oer de nije útjefte: “Edgar Allan Poe is de absolute master fan it spûkferhaal. Dizze Fryske bondel bringt Poe noch tichterby … en tichterby … oantst dy ôffregest oftst wol wier allinne bist.”
It boek wurdt op ‘e merk brocht troch it Seelter Buund, in lytse Dútske útjouwer fan boeken yn en oer de Sealterfryske taal.
Bibliografyske ynformaasje: Edgar Allan Poe, Post mortem. Skäddel/Scharrel: Seelter Buund, 2026. 180 siden. ISBN 978-3-086474-2. Priis: 15,00 Euro.
