NordfraschloenjEin april wie ik mei in groepke studinten Frysk fan de NHL op ekskurzje nei Noard-Fryslân. Dat is in streek yn it uterste noarden fan Dútslân, dêr’t fanâlds it Noardfrysk praat wurdt.

Yn Bräist (Bredstedt) ha wy it nije besikerssintrum fan it Nordfriisk Instituut besocht. Dêr binne alle Noardfryske dialekten te beharkjen. Wy ha fierder de Halligen (terpen op it Waad) besjoen, de hillige boarne by Boorlem (Bordelum), it “Nederlânske” stedsje Fräärstää (Friedrichstadt) en folle net genôch.

De studinten hawwe har yn it foar ferdjippe yn de Fryske taal en kultuer fan de streek. De ekskurzje is organisearre troch byfakstudint Wolter Jetten. De foto’s hjirneist jouwe in lytse yndruk.

[Sjoch hjir foar mear foto’s fan NHL-aktiviteiten.]