Op ‘e Brânsma’s pleats wienen skorpioenen. It wienen net fan dy gewoane, skouwe, dy’t stekke as jo de skoech oandogge dêr’t se in sliepplakje socht ha, nee, it wienen feninige kringen sûnder skroom. De helte fan Brânsma syn skiep en al syn hinnen wienen al dea. Der wie ek in feint stutsen en dy hie in pear rare nachten hân en dêrnei noch trije wike mei in swarte tean omhipt.

De oare boeren seagen al mei skrik nei hoe’t it Brânsma fergong. Jelte-boer helle syn jonges derwei en Ates Minke sei de bestelling fan in weinfol kuil ôf, mei’t dêr wolris […]

[Klik hjir om it hele ferhaal te lêzen.]

[Klik hjir om it ferhaal as mp3-bestân te beharkjen.]