Op 26 maart is de Fryske horrortoer fan útjouwerij Regaad út ein set by studinteferiening Bernlef yn Grins. Justerjûn ha wy him ôfsletten op it Freeze-festival mei in lêste foarstelling yn de Nivo Noordseal fan stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Ik haw oan fjouwer fan de seis foarstellingen meidien (Grins, Bitgum, Dokkum en Ljouwert). Yn wikseljende gearstalling dienen fierder mei: Ljoubjr, Anne Popkema, Douwe Kootstra, Willem Schoorstra, Aant Jelle Soepboer en Geart Tigchelaar. Bert-René Luimstra, Anne Popkema en Peter Boersma fan Regaad organisearren de jûnen. Dy’t witte wol wat wy allegear ferkundige ha, kin teplak by útjouwerij Audiofrysk.

freeze