Der is in leave frou mei wa’t ik al in pear jier hûs en libben diel. Wy ha by de notaris in kontrakt tekene dêr’t yn stiet dat wy foarinoar soargje sille. In bûterbriefke fan in gemeente-amtner ha wy net. Wy ha in relaasje sa’t bergen en bergen minsken yn Fryslân ien ha. Dêrom is it sa nuver dat der gjin algemien ynboargere wurd is dat beskriuwt wat wy faninoar binne.
Is sy myn faam? (En bin ik har feint?) Nee, dat heart te ferkearingachticht.
Binne wy freon en freondin? Nee, freonen en freondinnen ha je wol mear.
[Klik hjir om de rest fan dizze kollum en oare taalkollums op ‘e website fan De Moanne te lêzen.]
[Klik hjir om âldere taalkollums te lêzen yn it argyf fan henkwolf.nl]