Kolleezjejier 2018-2019 is foar Frysk in bysûnder goed jier. Mar leafst santjin minsken binne dizze wike mei har earste kolleezje Frysk begûn. Hjirûnder sjochst kollega Gerbrich de Jong en my, dy’t de nije studinten wolkom hite. De foto is makke troch kollega Babs Gezelle Meerburg.