Hjoed ferskynde yn de Facebookgroep Fryslân en de Fryske taal in oankundiging fan de website “Frisian News” fan in Auke de Haan. Dy man hat al in jier as wat in hanneltsje yn boeken oer it Frysk en oare talen. Se wurde op in pear plakken op it net ferkocht, yn alle gefallen foar in part anonym (al is de namme fan De Haan as skriuwer fia de ferkeapsite te achterheljen). Wat ik derfan sjoen ha, is sa min dat ik it as oplichting beskôgje dat er der jild foar freget. Syn skriuwerij rûkt oan alle kanten nei AI en de AI-scanner befêstiget dy yndruk. De nij oankundige website hat itselde: min rinnende sinnen yn nuver Frysk, en ynformaasje dy’t oerdúdlik net wier is. As it AI is en dat stiet der net by, dan is dat in oertrêding fan de AI-feroardering.

Der binne goedwollende amateurs genôch dy’t fan tiid ta tiid wat oer it Frysk it net op slingerje, soms goed, soms ferkeard, mar oer it algemien

goed bedoeld. Sokken wol ik net te hurd falle. Dat is hjir dúdlik oars: dizze man fertsjinnet jild mei boeken út dy’t troch AI skreaun binne en bekroadet him net om de kwaliteit.

Net allinne oer it Frysk bringt er boeken út, ûnder syn namme binne yn allegear talen boeken te finen oer bygelyks ADHD, marketing, de skiednis fan ferskillende lannen en belesting. Boek nei boek nei boek ferskynt, oer in hiel soad spesjalistyske ûnderwerpen, en syn namme stiet net grutsk op it omslach, dêr stiet inkeld “Skriuwer” as auteur. Lykas by de Fryske boeken moat men de skriuwersnamme op de ferkeapsite fine, bygelyks by Amazon. Stiet der dan teminsten noch by dat de boeken AI-produkten binne? Ek net.

Om te ûnderbouwen wêrom’t ik beswier ha tsjin De Haan syn Frysk wurk set ik hjirûnder in pear links en plaatsjes nei resinsjes dy’t ik earder skreaun ha, dan kin elk sels oardielje.

Oer it anonym publisearre Ingelsktalige boek ‘Understanding Frisian / Frysk ferstean’:[https://www.itnijs.frl/…/nij-boek-understanding…/]

Oer it Dútsktalige boek ‘Friesisch Kurzgeschichten’:[https://www.seeltersk.de/wp-content/uploads/kurzgesch.jpg]

De Haan skreau yn de Facebookgroep dat er syn flaters wol korrizjearje woe as ik se him oanjoech. As er dat miende, hat er de beide boeken ûnderwilens út de hannel helle. Elk kin neigean oft dat it gefal is. Wat de website Frisian News oangiet: de teksten kin elk troch in AI-scanner helje om te sjen oft se minskewurk binne. En elk dy’t yn Fryslân wennet, kin neigean dat útspraken lykas “in soad Friezen sizze dat sy in Ingelskprater makliker begripe as in Nederlânske prater fan bûten de provinsje” of “Mar Ljouwert is net befriezen yn it ferline. De wyk Oost Woud hat jonge gesinnen en nije restaurants” út in hiele grouwe tomme of de ûnnoazelens fan in AI-systeem komme. Se steane op dit stuit letterlik op Frisian News, mei by it stik oer Ljouwert in foto dy’t dúdlik neat mei Ljouwert út te stean hat. Elk kin neigean oft se der ûndertusken noch steane, of dat der yn alle gefallen oeral dúdlik by stiet dat se troch AI makke binne.De Haan frege my om de omskriuwing “oplichting” konkreet te meitsjen. Dat haw ik hjirby dien.

In pear relevante screenshots fan Frisian News: