Yn it Sealterlân binne yn juny fiifentweintich twatalige buorden pleatst. Dêr steane yn it Sealterfrysk en Dútsk regels of ferboaden op. Ik ha dat ‘buordeprojekt’ foar de gemeente Sealterlân koördinearre. It giet om seis typen buorden, dy’t pleatst binne yn trije parken yn de doarpen Roomelse/Ramsloh, Hollen en Skäddel/Scharrel. De kosten wurde droegen troch de dielsteat Nedersaksen en de Dútske sintrale oerheid. Hjirûnder binne in pear foto’s te sjen.





