Yn it boekje “Hantrekkens foar Grut Maleur mei it elektrys” lit Ihno Dragt sjen dat der in protte misgean kin as it elektrys der in pear dagen út leit. Hy jout praktyske hantrekkens om dy tiid sûnder al tefolle lijen troch te kommen. Richard Bos hat it boekje yllustrearre en ik haw it yn it Frysk oerset. Op freed 4 augustus hat kommissaris fan de Kening Arno Brok it earste Fryske eksimplaar yn ûntfangst naam.

It boekje kostet 8,95 euro en is fan hjoed ôf te keap. It Nederlânsktalige orizjineel hat as titel “Handige tips bij een Grote Stroomstoring” en hat deselde priis. De boekjes binne útjûn troch Bureau Dragt en útjouwerij Walraven de Granje.

[Klik hjir om mear oer it boekje te lêzen of om it te bestellen.]