De slachting by Boksum is skreaun en tekene troch Richard Bos en Alexander Russchen fan striptekenkollektyf Mudhoen. It boek is yn it Frysk oerset troch Henk Wolf. It giet oer de slach by Boksum yn 1586. De Friezen koenen it net winnen fan ‘e Spaanske binden, mar it grutte ferlies fan ‘e opstannelingen wie foar Willem Loadewyk wol reden om syn oanfalsstrategy ris op ‘e nij te besjen. Dat makke dat de Nederlânske legers al gau folle mear bedijden en noch folle letter wienen se de Spanjerts oermânsk.

Dit is it tredde histoaryske stripboek dat Mudhoen en Henk Wolf mei-inoar makke ha. It boek is ek yn de orizjinele Nederlânsktalige ferzje te keap en hyt dan Bloedbad bij Boksum.

De ferzjes kostje elk 12,50 euro.

[Klik hjir om it boek te bestellen.]