De staveringsfilmkes dy’t ik foar de Afûk makke ha, wurde in soad brûkt yn it ûnderwiis. It liket derop dat in protte learders graach ynstruksje krije fia it kompjûterskerm. Dêrom ha wy de rige útwreide mei filmkes oer grammatikale ûnderwerpen. De titel is no Lear mar Frysk.

Tim Hoekstra hat it film- en montaazjewurk dien, Ate Grypstra en ik hawwe de senario’s skreaun en ik ha de presintaasje foar myn rekken naam. Ernst Bruinsma hat syn wenkeamer in dei lang ôfstien as filmlokaasje.

[Klik hjir om de nije grammatikafilmkes te besjen.]

Schermafbeelding 2015-03-18 om 12.52.05