Twa nije taalsnipels: ien foar De Moanne oer it Germaanske wurd ‘nikker’ en ien foar It Nijs oer it ferskil tusken ‘elke’ en ‘eltse’. Fierder haw ik de site de ôfrûne tiid flink útwreide. Op de side ‘Underwiis’ stiet in oersjoch fan de kursussen dy’t ik de ôfrûne trije jier jûn ha. As ik der relevant digitaal materiaal by makke hie, haw ik dat op de side ‘Kursusmateriaal’ ûnderbrocht. Elk kin der om my frij gebrûk fan meitsje. Wa’t belangstelling hat foar net-digitaal materiaal, lykas readers en spultsjes, dy moat mar efkes lûd jaan.
[Klik hjir foar de kollum foar De Moanne.]
[Klik hjir foar de kollum op It Nijs.]
[Klik hjir foar de side ‘Underwiis’.] (Op it stuit is de side allinne yn it Nederlânsk, mei in taljochting yn it Ingelsk.)
[Klik hjir foar de side ‘Kursusmateriaal’.]