Hjoed is yn it Admiraliteitshûs yn Dokkum it stripboek ‘De striid fan Grutte Pier’ fan Richard Bos en Alexander Russchen presintearre. It Nederlânsktalige orizjineel en myn Fryske oersetting dêrfan binne tagelyk útbrocht. Hjir binne de beide skriuwers mei de Fryske ferzje fan it boek te sjen.