Oer de kearndoelen foar it Frysk op ‘e basisskoalle wurdt al lange jierren redendield. Oan 2005 ta wienen de doelen foar it fak Frysk gelyk oan dy foar Nederlânsk. Doe’t dat feroare, ferwachte de provinsje dat dat skoallen oanfiterje soe om ambisjeuzer. Dat kaam net út. No pleitet de FNP fannijs foar ‘spegele’ (likense) kearndoelen foar de beide fakken. In goed ding, tinkt my, mar al wat let.

[Klik hjir om op itnijs.frl it stik te lêzen dat ik oer de kearndoelekwestje skreaun ha.]