Fryske mulwurden binne yn it gebrûk bytiden net sa handich. Dat komt trochdat se sa koart binne. Sprekkers betinke dan ek ûnbewust en bewust allegear strategyen om se langer te meitsjen. Op de site fan De Moanne beskriuw ik hoe’t ik in sjoernaliste fan Omrop Fryslân dat dwaan hearde.