Foar studinten Frysk fan NHL Stenden:

It foarriedige roaster fan de Fryske fakken foar perioade 2 sjocht der sa út as hjirûnder. De fêste kolleezjedei bliuwt de tiisdei.

13.00-14.30 Taalbeskôging (Henk Wolf). C 1.074.
14.30-16.00 Kreatyf skriuwen (Babs Gezelle Meerburg). C 1.060.
14.30-16.00 Taalfeardigens 2 (Gerbrich de Jong). A 0.078.
14.30-16.00 Taalbeskôging (Henk Wolf).  C 1.074.
16.00-17.30 Skiednis en kultuer fan Fryslân (Babs Gezelle Meerburg). C 1.060.
16.00-17.30 Taal en kultuer fan de oare Fryslannen (Henk Wolf). A 0.078.
18.15-19.45 Syntaksis (Henk Wolf). C 1.060.
18.15-19.45 Literatuerskiednis (Babs Gezelle Meerburg). A 0.078.
19.45-21.15 It  skoalfak Frysk (ferskate dosinten).

Guon fan jim ha in roaster krigen dêr’t yn stiet dat de kursus ‘Talen yn Fryslân’ twa kear jûn wurdt: yn perioade 2 en yn perioade 3. Dat is net korrekt. De kursus wurdt allinnich yn perioade 3 oanbean.

It fak ‘Taalbeskôging’ wurdt net yn perioade 4 oanbean, mar yn perioade 2.