bringbrommerKreativiteit mei taal is net allinne mar ferdivedaasje, wurdst der materieel ek noch better fan.

Op 15 febrewaris haw ik in moaie tablet wûn yn in taalpriisfraach fan de Ried fan de Fryske Beweging, Tresoar en de Fryske Akademy. It doel wie om fan 24 Nederlânske wurden in Fryske oersetting te betinken. Myn ‘bringbrommer’ foar ‘bezorgbromfiets’ waard útkeazen. Sjoch hjir it sjueryrapport.