Ik ha de tekst fan myn ferhalebondel Wûnderaardichheden út 2006 as pdf-bestân op dizze website set. It boek is al jierren net mear te keap. Spitigernôch koe ik gjin ferzje mear fine mei de tekeningen fan Mudhoen deryn. Dy ûntbrekke dus. It is ek mooglik dat de tekst hjir en dêr fan de printe ferzje ôfwykt, dat koe ik net maklik mear neigean.

It bestân is te finen op de side Downloads (ûnder 2006) of troch op de ûndersteande link te klikken.

[link nei pdf-bestân Wûnderaardichheden]