‘Ik nim de útdaging oan’ is gjin min Frysk, mar men kin ek ‘Ik jou skrik werom’ sizze. In aai kin ‘sêftsean’ wêze, mar ‘salvich’ kin ek. De kaaien binne wolris ‘poater’, mar wannear binne se mear ‘wammes’? Ien kin ‘útnaaie’, ‘fuortgean’ of ‘fan ruten spylje’, mar wannear hat ien foar it lêst ‘paden makke’? En wa neamt ien dy’t net earlik diskusjearret, mar oaren op har wurden besiket te fangen noch wolris in ‘wurdesifter’?

It binne in pear tafoegingen oan myn Nederlânsk-Fryske wurdlist. Dy is wer mei in stealtsje oersettingen oanfolle. Hy is te finen op de side Materiaal online of streekrjocht fia [dizze link].