Oprop Provinsjale Steaten

Oprop oan Provinsjale Steaten

Ljouwert, 5 juny 2013

Achte Steaten,

Yn dizze ‘Oprop oan Provinsjale Steaten’ wolle wy ús ûngerêstheid útsprekke oer it beslút dat jimme op 24 april l.l. nommen hawwe om alfêst in part fan de stavering fan it Frysk fêst te lizzen, mar tagelyk ek mei staveringsferoaringenakkoart te gean. Tagelyk meitsje wy ús grutte soargen oer in noch folle fierdergeand plan, nammentlik om yn it Frysk sels, yn de wurdfoarmen, te snijen. Us beswieren wurde troch likernôch 100 saakkundigen droegen: wittenskipslju, dosinten, skriuwers, sjoernalisten, útjouwers, studinten en minsken út de kulturele hoeke. Jimme fine har nammen yn Taheakke I. Ek yn de reguliere en sosjale media hawwe in opfallend protte minsken har tsjin jimme plannen keard.
Us brief bestiet út trije parten. Alderearst freegje wy ús ôf oft jimme wol de bedoeling hân hawwe om de Fryske Akademy (tenei: FA) ek de opdracht te jaan om de stavering teferoarjen en om yn it Frysk sels te snijen, om de taal te standerdisearjen. Yn it twadde diel geane wy yn op ús beswieren tsjin de staveringsferoaringen en yn it tredde op de plannen fan de FA (en fan jimme?) om de taal sels te standerdisearjen.
Hjirre neame wy alfêst in algemien beswier dat sawol foar de proseduere as foar de ynhâld jildt. PS hawwe, mei útsluting fan oare partijen, oan de FA in opdracht jûn en dy hat by ús witten op eigen manneboet, sûnder yngeand oerlis mei ‘it fjild’, de oan jimme foarleine plannen betocht. Dat is in nuvere gong fan saken, sawol yn wittenskiplik as yn demokratysk opsicht. Der is ek bûten Akademy-rûnten in protte kennis oangeande stavering en standert en de taal is net allinnich it domein fan de FA, mar fan alle Fryskbrûkers. De protesten fan de lêste wiken út alderhanne rûnten tsjin ien en oar litte dat ek sjen.
In twadde algemien beswier hâldt ferbân mei de kosten. Wy kinne dy net oersjen, mar se moatte yn de papieren rinne. It giet, neist (by-)skoalling, om it oanpassen fan bygelyks lesmetoaden, wurdboeken, grammatika’s en websiden (lykas edufrysk fan de Afûk). Neffens ús betinken soe it jild folle better op in werklik taalbefoarderjende wize bestege wurde kinne. Dêrby tinke wy alderearst oan in Nederlânsk-Frysk wurdboek dat like ryk is (oan synonimen en idioom) as it nije Hânwurdboek F/F en dat ek op deselde manier digitaal rieplachte wurde kin.
Oan ‘e ein fan ús oprop sille wy jimme freegje om de stavering net te feroarjen en om net yn it Frysk sels te snijen (troch dialektseleksje). De FA soe de nije opdracht krije moatte om op grûn fan de besteande stavering in Staveringswurdlist op te stellen, neffens opset te fergelykjen mei it Groene Boekje foar it Nederlânsk.

1. De opdracht fan PS oan de FA Neffens de ‘Konsept-beslutelist PS-gearkomste 24 april 2013’ (sjoch Taheakke II) hat, en wy sitearje jimme sels, ‘de provinsje de Fryske Akademy de opdracht jûn om in standertwurdlist foar it Frysk op te stellen. Dizze standertwurdlist is te fergelykjen mei it Groene Boekje foar it Nederlânsk, of offisjeel de ‘Woordenlijst Nederlandse Taal van de Nederlandse Taalunie’. De standertwurdlist moat in oersjoch jaan fan de offisjele stavering fan it Frysk’.
Dêrmei lizze jimme it doel fan it Groene Boekje korrekt út. Dat jout allinnich foarskriften foar de stavering, mar befettet gjin regels foar it standerdisearjen fan de taal sels, krekt oarsom. De ‘Inleiding’ fan it GB einiget sa:
‘De Woordenlijst spreekt zich alleen uit over de vorm van de woorden en, als het om zelfstandige naamwoorden gaat, over het woordgeslacht. De opname van een woord mag derhalve niet beschouwd worden als een officiële goedkeuring van het woord, en het ontbreken van een woord betekent geen afkeuring.’
Yn har ‘Advys regeloanpassing Fryske stavering’ d.d. 18 jannewaris 2013 komme de trije opstellers lykwols mei in hiel eigen ynterpretaasje fan de standertwurdlist:
De FA konstatearret dat ‘de besteande, troch de Provinsje fêststelde, regeling foar de stavering net folslein en konsistint is’. Dat jout de FA oanlieding om de stavering net allinnich fêst te lizzen yn in standertwurdlist, mar tagelyk ek om dy te feroarjen. Mar de FA giet noch in flinke stap fierder: ‘De FA is bliid mei it inisjatyf fan ‘e Provinsje ta in offisjeleStandertwurdlist. De FA is fan betinken dat sa’n ûndûbelsinnige wurdlist de drompel om Frysk te skriuwen leger meitsje sil. Nimmen hoecht him by it Fryskskriuwen mear ôf te freegjen oft wat er skriuwt wol geef Frysk is.’
Wy freegje ús ôf oft PS de FA de opdracht jûn hawwe om de stavering te feroarjen. It opstellen fan in staveringswurdlist kin ommers ek op basis fan de besteande regels. Mei it oanwizen fan ‘geef Frysk’-foarmen, dus mei it fêststellen fan hokker foarmen oft al en hokker net ta de standert hearre, geane de opstellers yn alle gefal, ek letterlik, bûten har boekje. Yn de Akademyplannen giet it (ynearsten?) om it kiezen út dialektfarianten. As foarbyld neamt de FA de kar tusken ‘romte’ en ‘rûmte’. Woenen jimme wier dat de FA jimme opdracht sa rom útleit? It is ek de fraach oft de Provinsje wol it foech hie om it boppeneamde beslút te nimmen, alteast foar safier’t it giet om taalnormearring. It soe yn alle gefal de earste kear wêze dat in Fryske oerheid binende foarskriften oer de taalnoarm jout. Hoe’t it ek wêze mei, ôfsjoen fan de formele kant, der binne safolle ynhâldlike beswieren tsjin it kieze moatten út dialektfarianten, dat wy ús net yntinke kinne dat jimme de FA it Frysk sels standerdisearje litte wolle. Lykas sein, geane wy dêr yn it tredde part fan dit brief op yn.

2. Beswieren tsjin de staveringsferoaringen Yn deslipstream fan it gearstallen fan in Fryske wurdlist op grûn fan de besteande stavering, hawwe trije meiwurkers fan de FA in tal útstellen ta staveringsferoaring dien. Har staveringsferoaring (dêr’t noch fierder oan wurke wurdt) krige op 24 april l.l. de ynstimming fan Provinsjale Steaten, sûnder dat de FA dêrta in (dúdlike) opdracht krigen hie en sûnder dat dy ynstelling dêrfoar earst oerlis mei it fjild hân hie.
Wat soe der feroarje moatte? It útstel komt yn haadsaak del op: 1) it ‘konsistint’ tapassen fan de regels foar de stavering fan ‘oe’ en ‘û’; 2) it ôfskaffen fan de skriuwwize ‘ieu’; 3) nije regels foar it skriuwen fan guon frjemde wurden. (SjochTaheakke IV foar de tekst fan it foarriedige útstel ta staveringsferoaring.)
Wêrom soe de stavering feroare wurde moatte? De âlde regels foar ‘oe’/‘û’ soenen ûndúdlik formuleard en net hiel konsistint wêze, de ‘ieu’ soe oerstallich wêze omdat wy ek ‘-iuw’ hawwe, yn de dûbelfoarm ‘reauntsje’- ‘reontsje’ soe de lêste foarm ferfalle moatte en it staverjen fan frjemde wurden soe ‘in heldere regeling’ fertsjinje.
Der is in protte tsjin sa’n staveringsferoaring yn te lizzen. Wy beheine ús ta fjouwer haadbeswieren.
Yn it foarste plak wie der gjin winsk ta feroaring by de deistige brûkers fan it Frysk; de besteande stavering is net perfekt, mar der is goed mei te wurkjen. En feroaring jout allinnich mar ûnrêst yn it ûnderwiis; dat hat no krekt ferlet fan rêst!
Twad: it omdokterjen mei de stavering jout de gewoane brûker fan it Frysk gjin hâldfêst by it skriuwen, mar ûnwissens. Guon basale wurden oars skriuwe taast it besteande wurdbyld oan en makket it staverjen dêrmei no krekt dreger. Sa betsjutte de nije regels dat tenei hiel gewoane Fryske wurden as ‘droech’, ‘útnoeging’ en ‘ieu’ oars skreaun wurde moatte, nammentlik as resp. ‘drûch’, ‘útnûging’ en ‘iuw’.
Tred: it útstel dat der no leit is sels ek net konsistint. Neist ‘telefyzje’ (mei in f) stiet aanst ‘advys’ (mei in v) en dat is net minder nuver as ‘televyzje’- ‘advys’, de âlde situaasje; de doe-tiid fan tiidwurden krijt ‘oe’, mar it mulwurd wurdt net neamd (dus: ‘ik droech’ en ‘ik haw drûgen’?); en is it Nederlânske wurd ‘toen’ wier wol genôch besibbe oan ‘doe’ om te garandearjen dat wy it net as ‘dû’ skriuwe moatte sille? (Mear foarbyldsjes fan ‘oe’/‘û’ yn Taheakke III.) Ek neffens de útstelde regels bliuwt it staverjen yn details dus in tizeboel. Der is gjin ferbettering, dat wy kinne de stavering dan better by it âlde hâlde.
Fjird: wy twivelje ek oan it teoretysk tinkramt efter it stribjen nei in ‘better learbere stavering’. It liket derop dat der net genôch rekken hâlden is mei de manier wêrop’t minsken in stavering oanleare: dat giet mar foar in part analytysk, foar it meastepart ûntwikkelje wy as taalbrûkers lêzendewei ús wurdbyld. Om dy reden binne skynbere útsûnderingen (bygelyks ‘ieu’ of ‘spoek’) yn de praktyk folslein gjin probleem foar wa’t de taal lêst of skriuwt. Dat in saneamde etymologyske stavering net oan te learen wêze soe, is net wier. It skreaune Frysk sit der fol mei, júst yn de gewoanste wurden (‘hjerst’, ‘kâld’, ‘it’, ‘moatte’, ‘bleaun’). Feroarjen fan de stavering fan in pear deistich brûkte wurden soe dêrom inkeld symboalpolityk wêze. In nije, bettere staveringshifker soe wol in hiel moai stik ark wêze foar elk dy’t Frysk skriuwt. Mei dy hifker moat der lykwols net in nije stavering ynfierd wurde. De ‘nije’ stavering dy’t útsteld is, is ommers in ûnnedige oplossing foar in net-besteand probleem, smyt sels ek wer in protte nije ynkonsistinsjes op, bringt grif ûnfoarsjoene kosten mei him mei, en is – om koart te kriemen – út noch yn net in ferbettering by it lêzen en it skriuwen fan it Frysk.

3. Beswieren tsjin de standerdisearring fan it Frysk selsBy de standerdisearring fan it Frysk giet it yn it ‘Advys regeloanpassing Fryske stavering’ d.d. 18 jannewaris 2013 fan de FA om yn de skriuwtaal kieze te ‘moatten’ tusken Fryskeigen dialektfarianten. Wy sille no tige yn ’t koart útlizze wêrom’t dy foarm fan standerdisearring (dy’t dan, yn it ferlingde fan de nije regeling fan de stavering, ek wer jilde moatte soe foar it ûnderwiis en it offisjele ferkear) der net komme moat. Wy sille dêrby sjen nei de funksje en de foarm fan it Frysk.
It Frysk is alderearst in sprutsen taal. Dat is in feitlike konstatearring. Neffens eigen sizzen soe in lyts 20 persint it Frysk skriuwe kinne. As it om goed Frysk skriuwen giet, tinke wy dat it by 5-10 persint bliuwt. Neier, al oankundige, ûndersyk fan de FA nei de feitlike behearsking fan it Frysk sil ústslútsel jaan kinne.
Yn it sprutsene Frysk is folop romte foar de ûnderskate Fryske haaddialekten: it Klaaifrysk, it Wâldfrysk en it Súdhoeksk. Salang’t it Frysk dêrneist net algemien skreaun wurdt, bliuwt dat sa. Dêr feroaret in fan boppen opleine taalnoarm, opsteld troch de FA en ferplichte troch de provinsje, neat oan: it berik dêrfan is ienfâldichwei te lyts. De ‘gewoane’ man skriuwt it Frysk net, de minsken dy’t de taalnoarm tapasse moatte soenen (dosinten, wittenskipslju, skriuwers, sjoernalisten, útjouwers, ensafh.), komme massal yn ferset. Ut earder ûndersyk docht, oars as de FA stelt, ek bliken dat der ûnder de minsken dy’t it Frysk skriuwe net folle ferlet is fan dialektseleksje.
Der binne bûten de krekt neamde feiten noch gâns oare redenen om dialektseleksje ôf te wizen. Wy litte it by twa foarm- en fjouwer funksjonele arguminten.
1. De taalkundige ferskillen tusken de Fryske dialekten binne lyts. Se jouwe eins noait oanlieding ta misbegryp. Men moat lang sykje om foarmen dy’t de iene groep brûkt, mar de oare net (fuort) begrypt. Te tinken falt oan ynsidentele foarmen as ‘harke’ – ‘riuwe’, ‘flues’- flij’.
2. Der is taalkundich sjoen gjin ferantwurde kar te meitsjen tusken de ûnderskate dialektfarianten. Elke list sil hieltiten wer grutte willekeur sjen litte (sjoch Taheakke V). De FA soe net oarder en regel skeppe, mar gaos. Dat kin in wittenskiplik ynstitút as de FA him net feroarloovje, en de dochs al kwetsbere Fryske taalmienskip kin dat net drage.
3. Sosjaal sjoen stekke de brûkers fan it iene (haad)dialekt net boppe dy fan it oare út. Dat komt alderearst omdat it Frysk primêr sprektaal is, mar ek troch de oanwêzigens fan it dominante Nederlânsk. Mei oare wurden: der is net in groep dialektbrûkers dy’t op grûn fan (ekonomyske, kulturele of getalsmjittige) oerhearsking har Fryske fariant as skriuwtaal oplizze kin.
4. De besteande teksten yn it Frysk soenen ynienen net mear goed wêze. Dosinten en amtners soenen nij lesmateriaal krije moatte, it wurk fan alle Fryskskriuwers soe net oan de nije noarm foldwaan. En alle wurdboeken, grammatika’s en staveringsmetoaden (dé taalnoarmboarnen) soenen ferâldere wêze.
5. In Standertwurdfoarmelist sil taalbrûkers ferfrjemdzje fan har eigen, ieuwenâlde, goedfryske foarmen. Ynienen krije se fan boppenôf te hearren dat ‘romte’ net ta de standert heart, mar ‘rûmte’ wol, ‘do’ al, ‘dû’ net, en al dy oare taaleigen foarmen. En sa’n diktaat fan hegerhân sil sûnder mis syn útwurking op de sprektaal hawwe. Minsken sille har (noch) ûnwisser oer har eigen Frysk taalgebrûk begjinne te fielen.
6. As lêste neame wy it didaktyske aspekt. By it Frysk skriuwen learen moat tenei e l k e Frysktalige eigen wurden en foarmen ôf- en ûneigen oanleare. Foar alle dúdlikens: it giet om tûzenen gefallen. Sa’n list (better sein: wurdboek) is foar gjin minske oan te learen, net allinnich fanwegen it grutte oantal wurden, mar ek omdat der gjin systeem yn sit. En is it werklik sa lestich foar net-Frysktaligen om yn kontakt te kommen mei dialektyske dûbelfoarmen, sa’t foarstanners fan dialektseleksje hawwe wolle? Us ûnderfining is oars. Guon fan ús hawwe in protte ûnderwiisûnderfining mei net-Frysktaligen. Dy hawwe hûnderten fan har Frysk skriuwen leard en har amper kleien heard. Sterker noch: de measten fûnen it wol nijsgjirrich! It Frysk hat al in kwetsbere posysje yn it ûnderwiis, fan beukerskoalle oant universiteit. Dêrby komt it Frysk as skriuwtaal hielendal oan ‘e krapperein. It ûnderwiis hat, wy wize dêr nochris op, ferlet fan rêst, fan stabiliteit, net fan ûnnedige, sels hiel ferkearde feroaringen!
It Frysk hat in romme, mar yn de hjoeddeiske situaasje goed funksjonearjende skriuwtaalnoarm. Wa’t as skriuwer ferlet fan stipe oangeande de taalnoarm hat, kin yn de besteande wurdboeken en grammatika’s telâne. Wy moatte wiis wêze mei de minsken dy’t it Frysk skriuwe. Meitsje de basis net noch smeller, ferfrjemdzje de Friezen net fan har eigen taal!

De seis opstellers en de likernôch 100 mei-ûndertekeners fan dit brief freegje mei klam Provinsjale Steaten om op grûn fan foargeande arguminten: 1. De stavering net te feroarjen. Dêrmei soe it beslút fan 24 april l.l. ferfalle en soe de FA net fierder hoege te gean mei noch mooglik oare oanpassingen; 2. de FA opdracht te jaan om op grûn fan de besteande stavering in Staveringswurdlist op te stellen, neffens opset en útwurking te fergelykjen mei it Groene Boekje;3. De FA net in list opstelle te litten fan standertfoarmen, basearre op dialektferskillen (of op basis fan mooglik oare útgongspunten). Dêrneist soenen de Steaten de FA opdracht jaan kinne om op koarte termyn in (elektroanyske) staveringshifker te meitsjen, ek brûkber foar apple. En wy soenen ek tige oanstean wolle op in (nij) Nederlânsk-Frysk wurdboek dat like ryk is (oan synonimen en idioom) as it nije Hânwurdboek F/F en dat ek op deselde manier digitaal rieplachte wurde kin.

Mei freonlike groetenis,
dr. Pieter Breuker, Ljouwert, frisist (âld-learare-oplieder en dosint taalfeardigens en sosjolinguistyk Frysk Ynstitút RuG);
Eeltsje Hettinga, Ljouwert, skriuwer, dichter;
prof. dr. Goffe Jensma, Sauwerd, heechlearaar Fryske Taal- en Letterkunde, Ofdieling Fryske Taal en Kultuer, Ryksuniversiteit Grins;
drs. André Looijenga, Grins, redakteur literêr tydskrift Ensafh. en twafâldich winner Grutfrysk Diktee; Elske Schotanus, It Hearrenfean, skriuwster;
Abe de Vries, Aldebiltsyl, dichter, winner Gysbert Japicxpriis 2005, sjoernalist;
drs. Henk Wolf, Ljouwert, dosint taalkunde en Frysk.

 

Taheakke I
Undertekeners fan de Oprop

Maaike Andringa, dosint klassike talen, Grins
Nils Århammar, heechlearaar Frysk, emeritus, RuG en Flensboarch, Braïst/Bredstedt
Henry J. Baron, Professor of English, emeritus, Calvin College, Grand Rapids (Michigan)
Wim Beckers, komponist, tekstskriuwer, Wytmarsum
Nynke Beetstra, oersetter Frysk, Grou
Wilco Berga, skriuwer, byldzjend keunstner, Harns
Pier Bergsma, âld-direkteur basisskoalle, Hurdegaryp
Bernlef, studinteferiening, Grins
Sytze Bijlsma, âld-direkteur iepenbiere basisskoalle, Driezum
Jetske Bilker, skriuwer, Achlum
Anna Marije Bloem, dosinte Frysk, Bogerman, Snits
Eize de Boer, sjoernalist, Noardburgum
Pier Boorsma, dichter, filosoof, Grins
Sjieuwe Borger, skriuwer, juridysk adviseur, Grins
Wietske Borger, ûndernimmer, Sleat
Sjoerd Bottema, learaar Frysk, skriuwer, Weidum
Philippus Breuker, heechlearaar, resp. bysûnder heechlearaar Fryske Taal- en Letterkunde, emeritus, Boazum
Goasse D. Brouwer, útjouwer, oersetter, lesjouwer Frysk, Ljouwert
Tsead Bruinja, dichter, Amsterdam
Eppie Dam, dichter, skriuwer, oersetter, resinsint, Kollum
Paul van Dijk, berneboekeskriuwer, Warkum
Louw Dijkstra, útjouwer, Dokkum
Liuwkje Everts, dosint Afûk, Hallum
Hille Faber, ûnderwizer, Warkum
Anne Feddema, skriuwer, byldzjend keunstner, Ljouwert
Federaasje fan Fryske Studinteferienings, Grins
Anneke Gerbrandy, skriuwster, Balk
Babs Gezelle Meerburg, frisist, Burdaard
Karel Gildemacher, nammekundige, De Jouwer
Rients Gratama, teaterman, skriuwer, Ljouwert
Edwin de Groot, dichter, Aldehaske
Pieter de Groot, sjoernalist, Wommels
Germen de Haan, heechlearaar Frysk, RuG, Hilversum
Hans de Haan, direkteur iepenbiere basisskoalle, Holwert
Josse de Haan, skriuwer, Gysbert Japicxpriiswinner 2007, Hendaye
Ruurdtsje de Haan, skriuwster, Burum
Wieke de Haan, skriuwster, Mantgum
Bouke van der Hem, jurist/mediator, skriuwer, Grins
Tsjisse Hettema, dichter, meiwurker Tresoar, Seisbierrum
Ytsje Hettinga, skriuwster, toanielspylster, Koudum
Otto Hiemstra, direkteur CBS De Opdracht, Oerterp
Eabele van Hijum, foarsitter CvB Stichting Nije Gaast, berneboekeskriuwer, Balk
Nanna Haug Hilton, universitêr dosint sosjolingwistyk, ôfdieling Fryske taal en kultuer, RuG, Grins
Klaas van der Hoek, konservator hânskriften en moderne letterkunde, UvA, Amsterdam
Ytsje Hoekstra, dichter, tekstskriuwer, Ljouwert
Hessel Huismans, âld-hûsdokter, Heech
Ferdinand de Jong, skriuwer, Boarnburgum
Folkert de Jong, dosint Stenden Hegeskoalle, Drachten
Hanneke de Jong, bern- en jeugdboekeskriuwster, Frjentsjer
Sietske de Jong, skriuwster, Ljouwert
Simen de Jong, skriuwer, Bussum
Riekje Jongsma-van Dijk, skriuwster, âld-studinte Frysk, RuG, Nieuw Roden
Elske Kampen, dichteres, Gytsjerk
Jitske Kingma, útjouwer, skriuwer, Ljouwert
Grytsje Kingma-Zantema, sjongeres, liettekstskriuwster, Sint Jânsgea
Jurjen van der Kooi, âld-dosint Frysk RuG, âld-meiwurker Fryske Akademy, Bûtenpost
Gea Kooijenga, dosinte Frysk, oersetster, Drachten
Cees Krottje, dosint Ingelsk, Hanzehogeschool, De Like
Elmar Kuiper, skriuwer, byldzjend keunstner, Húns
Henk Looijenga, direkteur cbs De Finne, Aldeboarn, Tersoal
Aggie van der Meer, skriuwster, Boalsert
Geart van der Meer, âld-dosint Ingelsk en Frysk, RuG, oersetter, Midlaren
Hindrik van der Meer, komponist, liettekstskriuwer, Fûns
Beitske van der Meer-Stavenga, âld-ûnderwizer, Fûns
Cees van der Meulen, âld-studint Frysk, RuG, Grou
Jimke Nicolai, direkteur Bureau voor Levend Leren, Nij Beets
Syta Palma, âld-dosinte Frânsk, Grins
Anne Tjerk Popkema, oersetter, winner Obe Postmapriis 2012, taaldosint en -wittenskipper, Grins
Gertjan Postma, senior ûndersiker, Meertens Instituut, Amsterdam
Siemon Reker, hoogleraar Groningse taal en cultuur, RuG, Bedum
Sake Roodbergen, skriuwer oer de natoer, Akkrum
Marije Roorda, skriuwster, Broek
Willem O. Santema, ûnderwiisman en skriuwer, Heech
Robert Seton, opmakker/foarmjouwer, útjouwer, Ljouwert
Koop Scholten, âld-dosint Frysk, De Wylgen
Baukje Sienema, learkrêft groep 8, Surhústerfean
Froukje Sijtsma, sjoernaliste, Paramaribo
Skanomodu, stúdzjeferiening Fryske taal en kultuer, RuG, Grins
Bernard Smilde, emeritus predikant, siktaris Fryske Bibeloersetting, oersetter tsjerkelieten, Ljouwert
Albertina Soepboer, dichter, skriuwer, frisist, Harns
Hylke Speerstra, skriuwer, Snits
Irene Sterrenburg, dosinte Frysk, csg Liudger, Burgum
Steven Sterk, skriuwer, útjouwer, Tsjalbert
Hilda Talsma, skriuwster, Warten
Willem Tjerkstra, skriuwer, dichter, Gysbert Japicxpriiswinner 2003, Snits
Rommert Tjeerdsma, skriuwer, Marrum
Hylke Tromp, taalkundige, Reduzum
Jaap Veenstra, dosint Stenden Hegeskoalle, De Rottefalle
Johan Veenstra, schriever/verteller, Ni’jhooltpae
Wopke Berend Veenstra, lid algemien bestjoer Wetterskip Fryslân, boer, Boelensloane
Foppe Venema, dichter, Frankryk
Jan Visser, âld-studint Frysk, RuG, Frjentsjer
Siem de Vlas, túnfoarmjouwer, Ljouwert
Goaitsen van der Vliet, konservator Twentse Taalbank, Enschede
Daam de Vries, grafysk foarmjouwer, kollumnist ensafh, Bitgum
Jouke Douwe de Vries, riedslid Dongerdadeel, ôfdielingslieder Bogerman, Dokkum
Matty de Vries, dichteres, byldzjend keunstner, Grins
Oebele Vries, histoarikus, Westergeast
Thys Wadman, direkteur basisskoalle, meiwurker Studio F, skriuwer fan berneboeken, Koudum
Cornelis van der Wal, dichter, Ljouwert
Syds Wiersma, koördinator Fries Film Archief, Ljouwert
Douwe Willemsma, wethâlder, âld-dosint Frysk, Itens
Baukje Wytsma, dichteres/berneboekeskriuwster, Reduzum
Baukje Zylstra, skriuwer, redakteur, Arnhim

 

Leave a reply