De oerienkomsten tusken it Frysk en it Ingelsk komme net trochdat dy twa talen sa nau besibbe binne. En it santjinde-ieuske Frysk fan Gysbert Japiks, dat wy meastentiids Midfrysk neame, is eins in betide foarm fan Nij-Frysk. Dat binne samar twa ferrassende ynsichten út it boek Fryslân, land van talen. Een geschiedenis fan Reitze Jonkman en Arjen Versloot. It boek is in – justjes bewurke – ferzje fan it Frysktalige Tusken talen, dat yn 2008 útkaam.
Jonkman en Versloot begjinne har gronologysk opset boek mei it Latyn, net omdat dat de earste taal is dy’t yn Fryslân praat is, mar om’t de âldste teksten út en oer Fryslân yn it Latyn skreaun binne. De auteurs litte sjen hoe’n soad Latyn oft der noch yn it hjoeddeiske Frysk en Nederlânsk sit. Sels sljochtweihinne wurden lykasskûtel/schotel en peal/paal binne fan Latynsk komôf.
It boek giet wiidweidich yn op it ûntstean fan de Germaanske talen. Wy lêze hoe’t de âlde Germanen har yn West-Europa deljoegen en hoe’t se yn elk fan har wenplakken heeltyd wer krekt in bytsje oars begûnen te praten, wat makke dat it Germaansk him al mar oan fierder opdielde yn dialekten, dy’t inoar fansels ek wer beynfloeden. Sa hawwe de dialekten om ‘e Noardsee hinne de oarspronklike -n- yn wurden lykas goes falle litten. Dêrtroch hat it Ingelsk goose, it Deensk gås en guon Nederdútske dialekten Goos. It Frysk hat fansels goes, mar it Hollânsk en Dútsk hawwe de âlde -n- noch wol mei harren gans.
Frysk yn Grinslân
Doe’t Fryslân yn 1498 ûnder it bewâld kaam fan Albrecht fan Saksen, ferdwûn it Frysk as skriuwtaal. De frjemde hearskers brûkten it Hollânsk, doe gewoan ien fan de Nederdútske dialekten, as bestjoerstaal. De Friezen folgen dat foarbyld. Yn de Fryske stêden brûkten se nei in hoartsje sels it Hollânsk as sprektaal. Doe’t it Standertnederlânsk him begûn te foarmjen, holden de stedsjers oan it Hollânsk dialekt fêst. It bestiet hjoed de dei noch heeltyd, mar wurdt no Stedsk of Stedfrysk neamd.
De auteurs beskriuwe hoe’t it kin dat it grutste part fan it Bilt en de Stellingwerven net Frysktalich binne. Se litte ek sjen hoe’t it kin dat der yn Dútslân streken binne dêr’t Frysk praat wurdt. En se fertelle hoe’t de taalgrins yn de rin fan de tiid ferskood is. It Frysk is bygelyks yn de midsieuwen út West-Fryslân en Grinslân ferdwûn, mar it Grinzer Westerkertier is yn de 19e ieu op ‘e nij Frysktalich wurden. It suden fan it taalgebiet, rûchwei de streek tusken it Hearrenfean en de Sweach, wie fanâlds ek net Frysktalich. Linkendewei, troch de ieuwen hinne, is it ferfryske.
Jonkman & Versloot ha it net inkeld oer de talen sels en oer wêr’t se praat waarden of wurde. Se geane ek wiidweidich yn op ‘e maatskiplike posysje fan de ferskate talen en hoe’t dy troch de tiid hinne feroare is. Sa ferdútse se hoe’t skriuwer Gysbert Japiks yn de 17e ieu it Frysk op ‘e nij ûntduts as skriuwtaal. En se litte sjen hoe’t it Frysk nei Kneppelfreed yn 1951 stadichoan in part fan it ferlerne prestiizje weromwûn en no in rol hat yn it iepenbier bestjoer en yn it ûnderwiis. Se litte ek sjen hoe’t it Stellingwerfsk in pear desennia lyn “ûntdutsen” is en hoe’t it Stedsk him opdielt yn in statusfariant fan de hegerein en in folkske fariant fan de legerein.
Sy binne
Talen beynfloedzje inoar en de auteurs jouwe dêr it hele boek troch gâns foarbylden fan. Sa kinne wy lêze dat der party deagewoane wurden binne dy’t oait út oare talen liend binne. It Fryske koese komt bygelyks fan it Frânskecoucher. It Fryske sy binne is fan Hollânsk komôf. It ferfangt it âlde hja sint. Yn it Standertnederlânsk wurdt de âlde Hollânske foarm binne net mear brûkt, mar yn it Standertfrysk libbet er troch. Soms tinke wy dat wurden út in oare taal komme en mije wy se dêrom. It wurd weinich is bygelyks in echt Frysk wurd, dat yn de âldste Fryske teksten al foarkomt. In protte Friezen besjogge it lykwols as in Hollânsk ynslûpsel.
By myn kolleezjes oer taalskiednis haw ik wurke mei Tusken talen, de Frysktalige foargonger fan dit boek. Ik bin der tige oer te sprekken en de studinten binne dat ek. It boek presintearret in soad nijsgjirrige feitsjes en is dêrtroch in tige noflik blêderboek. Tagelyk is it in hannich stúdzjeboek, dat in tal linen troch de skiednis útset. De feitsjes steane gauris yn aparte kaderkes of tabellen. Dêrtroch kin de dosint maklik kieze wat er wol en net ta de learstof rekkenje wol, wylst de studint haad- en bysaken sa maklik skiede kin. It boek sjocht der kreas út en ik ha fan auteur Reitze Jonkman begrepen dat er it boek sels ek mei wille en sukses brûkt by de Fryske lessen yn boppebou havo/vwo. Ik fyn it tige spitich dat de Fryske ferzje útferkocht is, mar mei de Nederlânske oersetting is der yn alle gefallen in alternatyf.
In minpunt dat de Fryske ferzje ek al hie, is it lettertype dêr’t de boarneteksten yn werjûn wurde. Dy sabeare Goatyske letter is min te lêzen. De imitaaasjeskriuwletter yn guon tabeltsjes is ek net heel noflik foar de lêzer. Fierders sitte de siden net al te hecht yn it omslach, dat healwei de kursus hienen alle studinten in protsje losse feltsjes tusken it karton te sitten. Mocht der in werprintinge komme, dan mocht dat om my wol oars. Fierders lykwols neat as lof foar beide taalferzjes fan dit boek.
Jonkman, R.J. & A.P. Versloot (2013), Fryslân, land van talen. Een geschiedenis. Ljouwert: Afûk, 144 p., isbn 978-90-6273-926-4, € 17,50.
(Ferskynd op demoanne.nl op 7 juny 2013)